http://www.franekerstadsschoon.nl/

Voor informatie kunt u contact opnemen met het secretariaat

Lia van der Kolk-Hoeben

Turfkade 2

8801 LP Franeker

0517-394682

franekerstadsschoon@ziggo.nl

Betingsten foar it oanfreegjen fan subsydzje fan ‘Franeker Stadsschoon’

1. Foar de útfiering fan in aktiviteit yn it ramt fan de hjirfoar neamde doelstellingen kin in finansjele bydrage by it bestjoer fan de stichting oanfrege wurde.

2. In oanfraach om yn oanmerking te kommen foar in finansjele bydrage kin allinnich dien wurde troch de eigner fan it oanbelangjende objekt (doelstellingen  a., b. en d.) of de direkte belanghawwende fan in stúdzje of in ûndersyk ( doelstellingen f. en g.).

3. De oanfraach moat betrekking hawwe op in ûnderwerp yn de gemeente Franekeradeel dat een algemeen belang dient en niet bestemd is voor particuliere aanvragen.

4. De oanfraach moat op sa’n wize formulearre wêze, dat it bestjoer him in dúdlike foarstelling meitsje kin fan wat de aktiviteit krekt omfiemet; in globale kosteberekkening mei dêrby net ûntbrekke.

5. De oanfraach moat fan tefoaren oan de útfiering fan de aktiviteit yntsjinne wêze en troch it bestjoer takent wêze.

6. Op in beslút fan it bestjoer fan de stichting oangeande in oanfraach is gjin berop mooglik.

7. It bestjoer fan de stichting kin op eigen inisjatyf yn it ramt fan de doelstellingen oergean ta it útfieren fan in aktiviteit of ta it ferlienen fan in bydrage.

8. In oanfraach moat by de sekretaris fan de stichting yntsjinne wurde.

Fêststeld yn de gearkomst fan it bestjoer fan de Stichting tot Behoud van het Franeker Stadsschoon d.d. 6 septimber 2011

Kontakt

Aginda

Doelstelling

Nijs

Hiemside

Betingsten foar oanfreegjen

FR Doelstelling

<

>

FR Agenda

Argyf