http://www.franekerstadsschoon.nl/

Contact

Agenda

Nijs

Doelstelling

Home

Aanvragen voor bijdrage

>

<

FR Contact
Startpagina

Argyf

Aginda

Doelstelling

Nijs

Hiemside

Betingsten foar oanfreegjen

Kontakt

Wenning oan de Tanjabuert 22 yn Achlum.

Yn de bestjoersgearkomst fan 11 july 2012 is besletten in bydrage te leverjen yn de kosten foar it werombringen fan de acht lûken en fan twa skoarstienbuorden.

Behâld lêste fabryksskoarstien Frjentsjer

Nei it  oprjuchtsjen fan in stichting en it iepenbier meitsjen fan in deechlik plan stelt it bestjoerr in bydrage fan € 5.000,- yn it foarútsjoch foar allinnich it opknappen op it plak dêr’t er no stiet.

Opbouwend  oerlis mei de Vereniging van Vrienden van de stad Franeker

Yn 2013 hat der in oriïntearjend petear west tusken bestjoersleden fan de Vereniging van Vrienden van de stad Franeker en de Stichting tot behoud van het Franeker Stadsschoon. Der't wy mei elkoar te krijen hawwe, binnen de doelstellingen en oandachtspunten fan wearskanten, leverje foldwaande oanknopingspunten om it petear yn de takomst fuort te setten. Wiebe Lageveen en Anne van der Laan sille kontakt ünderhâlde.

Pân Voorstraat 51, Frjentsjer

De oanfraach giet om in bijdrage yn de kosten fan in nij stiennen elemint yn de form fan in ûle op de top fan de gevel fan it pân.  Mei de gebrûklike betingsten wurdt in bedrach tasein.

Wenning Zilverstraat 16, Frjentsjer

Hjir giet it om in oanfraach foar stipe yn de kosten fan de skoarstienen boppen it dak út en de dakkajuten (harkenielen) fan de wenning. Mei de gebrûklike betingsten wurdt in bedrach tasein

Fersyk fan it bestjoer fan de Stichting Agrarische Dagen om jildlike stipe fan it programma fan 2014.

Omdat it ynskewielen fan it fersyk fan it bestjoer fan de Stichting Agrarische Dagen it finansjeel stypjen yn de jierlikse kosten fan it programma oanbelanget  en dat  net yn de doelstellingen fan us stichting past, is it fersyk ôfwiist.